Springe nei ynhâld

Georgius Pachymeres

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 des 2019 om 20.19 troch Drewes (oerlis | bydragen) (- tikflater)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Portet fan Pachymeres út syn 'Bysantynske skiednis'

Georgios Pachymeres (Nisea, 1242 - Konstantinopel, 1310) (Gryksk: Γεώργιος Παχυμέρης) wie in Byzantynske gelearde, dichter en skriuwer.

Nei de fal fan Konstantinopel 1204 flechte Pachymeres syn heit nei Nisea yn Bitynje (Turkije), dêr't syn soan grutbrocht wurde soe. Georgius Pachymeres ferfear yn 1261 nei Konstantinopel en waard dêr wijd ta pryster en studearre dêr ek Rjocht. Hy wie dosint oan de hegeskoalle fan de Hagia Sofia. Hoewol't Pachymeres tsjin it byelkoar gean fan de Katolike- en de Ortodokske Tsjerke wie, bleau er frijwat neutraal yn syn geskriften, dy't it dispút tusken Michael VIII en Andronikos II behannelen. [1]

Ek fan belang wie syn kompindium fan 13 boeken (Syngraphikai historiai), dy't allegear de Byzantynske skiednis behannelen en dy't as fuortsetting fan Georgios Akropolites syn wurk beskôge wurden kin.

Pachymeres wie ek dwaande mei oare wittenskiplike disiplines: sa garre er in samling geskriften fan Aristoteles en publisearre er hânboeken oer astronomy, wiskunde en muzyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dat wurk dat er Rhomaike historia neamde, waard syn wichtigste wurk