Springe nei ynhâld

Helena (Montana)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 sep 2019 om 22.46 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Helena
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Montana
County Lewis en Clark
Sifers
Ynwennertal 28.190 (2010)
Oerflak 36,3 km²
Befolkingsticht. 710,5 / km²
Stêdekloft 74.801
Hichte 1.237 m
Oar
Stifting 30 oktober 1864
Tiidsône Mountain (UTC-7)
Simmertiid Mountain (UTC-6)
Offisjele webside
Webside fan Helena
Katedraal Sint Helena fan de berch Helena ôf sjoen
It Kapitool fan Montana yn Helena

Helena is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Montana. De stêd waard stifte yn 1864, nei't der goud yn de omkriten fûn waard.

De pleatslike krante is Independent Record. De stêd hat in fleanfjild ta har foldwaan, Helena Regional Airport (HLN).

De stêd waard op 30 oktober 1864 stifte, nei de fynst fan goud troch de Four Georgians oan de Last Chance Gulch. De haadstrjitte fan Helena hjit Last Chance Gulch en folget de bochten fan de oarspronklike wetterrin troch it âlde sintrum.

De stêd hjitte yn it earstoan Crabtown, neamd nei John Crab, ien fan de fjouwer Four Georgians (de oaren wiene John Cowan, D. J. Miller en Reginald (Robert) Stanley). Doe't der mear goudsikers nei de stêd teinen en dy hieltiten grutter waard, waard besletten om de namme te feroarjen. John Sommerville stelde út om de namme fan syn berteplak, Sint Helena yn Minnesota te kiezen. De útspraak (Hel-E-na) noaske de goudsikers net, sy seine leaver 'HEL-e-na', mei de klam op 'hel'. It foarheaksel Sint fûnen sy ek tefolle, dat de nije namme waard Helena. Dy namme helle it lykwols mei mar twa stimmen mear as it alternatyf, Tomah.

De stêd waard foar it earst yn kaart brocht yn 1865 troch kapitein John Wood. In protte diken fan no folgje de kringeljende paden fan de goudsikers en streamkes. Sa komt it dat it strjitteplan fan it âlde Helena net de strakke blokstruktuer fan de measte Amerikaanske stêden hat.

Yn 1886 wennen der sa'n 50 miljonêrs yn Helena, mear as op hokker plak yn de wrâld ek. Der waard foar likernôch 3,6 miljard dollars (omrekkene nei de wearde fan 2010) oan goud fûn yn Last Chance Gulch oer in tiidrek fan rûchwei 20 jier.

It offisjele symboal fan Helena is in tekening fan The Guardian of the Gulch, in houten toer dy't yn 1886 boud waard en noch altyd op Tower Hill stiet. De toer tsjinne as útsjochpost om brân te sinjalearen nei in tal grutte brannen tusken 1869 en 1874. De toer ferfong in ienfâldiger foargonger dy't yn 1870 op itselde plak boud waard.

Befolkingsgroei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De getallen oer 1900 - 1990 binne ôfrûne.

Jier Ynwennertal
1900 10.800
1906/07 16.800
1910 12.500
1916 13.600
1920 12.000
1930 11.800
1940 15.100
1950 17.600
1960 20.200
1970 22.700
1980 23.900
1990 24.600
2000 25.780
2010 28.190

Berne yn Helena

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Helena

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]