Nijkerkernau
Appearance
It Nijkerkernau is ien fan de Rânemarren en leit tusken Gelderlân en Flevolân. De mar grinzet yn it súdeasten op de hichte fan Nijkerk oan it Nuldernau en rint yn it noardwesten, op de hichte fan Spakenburch oer yn de Eemmar. It is tegearre mei it Nuldernau de smelste rânemar. It is ûntstien yn 1968 troch de oanlis fan Súdlik Flevolân.
It Nijkerkernau wurdt troch in daam skieden fan it Nuldernau, yn dizze daam leit de Nijkerkerslûs, hjiroer rint de N301.