Lemsterbrêge
De Lemsterbrêge of Lemsterdykbrêge is in brêge yn Snits, oer de súdrin fan de Stedsgrêft. De brêge ferbynt de Heechein (Snits) mei de Lemsterwei.
De brêge, in baskúlbrêge, is yn 1964/65 oan lein. Foar dy tiid lei hjir in draaibrêge. Dy brêge waard betsjinne fan de stêd út, mei de súdtoer fan de Wetterpoarte as brêgewippershúske. De nije brêge hat it brêgewippershúske lykwols op de fiere wâl.
Op likernôch itselde stee lizze al brêgen sûnt healwei de 17e iuw. Yn dy tiid wie der lykwols noch net in dyk nei De Lemmer; de âldere brêgen joegen tagong ta de Klokslach fan Snits. Foar de tiid dat hjir de earste brêge oanlein waard, wienen de Noarderpoartsbrêge en de Easterpoortsbrêge de ienichste lânferbiningen foar Snits. Hjoeddedei is de súdrin fan de Stedsgrêft in ferbining mei brêgen dy't iepen kinne, dat de Lemsterbrêge is it begjin fan de ferbining fan De Geau nei de Wâldfeart en de Houkesleat.
Bûten it drokke farseizoen wipt de brêgewipper fan de Lemsterbrêge ek de Wâldfeartbrêge.