Springe nei ynhâld

Wâldfeartsbrêge

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wâldfeartbrêge)
Wâldfeartsbrêge
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Snits
oerWâldfeart
farweiStedsgrêft/Wâldfeart
koördinaten53°01' N 5°39' E
Eigenskippen
typeflapbrêge
trochfarhichte0.81 m (sletten)[1]
trochfarbreedte5.80 m
materiaalizer, hout
Kaart
Wâldfeartsbrêge (Binnenstêd)
Wâldfeartsbrêge

De Wâldfeartsbrêge, yn de folksmûle: De bult syn bruege[2] is in ophelbrêge yn Snits, dy't datearret út 1893 en dy't makke is fan getten izer (heechboukonstruksje) en hout (brêge). It is in J.P. Hogendijk-brêge.

De brêge foarmet op it wetter de ferbining tusken de Stedsgrêft (Snits) en de Wâldfeart. Op strjitte ferbynt de brêge de Prinsengrêft en de Wâldfeartkaai. Allinnich yn it drokke farseizoen is in staazje-brêgewachter oanwêzich. Yn de oare perioade wurdt de brêge troch de brêgewachter op de Lemmerbrêge meibetsjinne.

Fartugen rjochting Stedsgrêft betellen, yn 2011, in brêgejild fan € 2,-. In 2012 is it brêgejild yn Súdwest-Fryslân lykwols ôfskaft.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. waterkaart.net, oproppen 21 novimber 2024
  2. Frysk Skipfeartmuseum: Boerd iepeningstiden Wâldfeartsbrêge.
  3. https://www.zeilen.nl/actueel/nieuws/gemeente-sudwest-fryslan-schrapt-bruggeld/#:~:text=Gemeente%20S%C3%BAdwest%2DFrysl%C3%A2n%20schrapt%20het%20bruggeld.,-Dat%20schrijft%20de&text=de%20Leeuwarder%20Courant.-,Het%20bruggeld%20dat%20bij%20opening%20werd%20binnengehengeld%20wordt%20vervangen%20door,hengel%20met%20daaraan%20een%20klompje.