Ultsje Hosper
Appearance
Ultsje Hosper (Grou, 1947) út Oerterp is ekolooch en foarsitter fan It Fryske Gea.
Folge as Grouster boeresoan in lânbouoplieding en wurke foar de Heidemij (no Arcadis) yn Assen. Doe't er 27 jier wie folge er in oplieding Ekology oan de Ryksuniversiteit Grins.
Nei syn stúdzje kaam er yn tsjinst by de Provinsjale Feriening foar Natoerbeskerming in Fryslân ‘It Fryske Gea’, as ‘natoerwittenskiplik meiwurker’. Fan 1998 - 2012 wie er direkteur. Hy waard opfolge troch Henk de Vries.
Hosper skreau mei Peter Karstkarel en Siem van der Woude in boek oer De Slachte dat yn 2002 ferskynde.
- oare funksjes
- bestjoerslid nammens It Fryske Gea fan de Stifting Feantwurde Behear Iselmar (sûnt 2005).