Henk de Vries

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Henk de Vries (1950?) út Drachtster Kompenije is sûnt 2006 adjunkt-direkteur fan It Fryske Gea. Op 1 jannewaris 2012 folge er Ultsje Hosper op as direkteur by It Fryske Gea.

De Vries tudearre lânskipsekology oan de Ryksuniversiteit Grins en folge letter noch in stúdzje Bedriuwskunde. De Vries hat ûnderfining op it mêd fan natoer en lânskip. Sa wurke hy ûnder mear by it Ryksynstitút foar Natoerbehear, de Provinsje Fryslân, LB&P ekologysk advys BV en by Heidemij Advies BV regio Noard. By It Fryske Gea kaam De Vries yn 1997 yn tsjinst as haad fan de ôfdieling Natoerkwaliteit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: