Springe nei ynhâld

Reduktor

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 mai 2019 om 20.59 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (Sjoch ek)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In reduktor of elektroane-ôfstjitter is in gemyske stof dy't yn in gemyske reaksje elektroanen ôfstean kin. De stof dy't elektroanen opnimt is in oksidator. In reaksje dêr't in reduktor wurket hjit in redoksreaksje.

Foarbyld fan in reduktor is de ûndersteande heale reaksje:

Yn de boppesteande oksidaasje is Fe2+ de reduktor, omt' it in elektron ôfstiet.

Der is in grut ferskil yn de sterkens fan reduktor. Sa sil natrium (Na) maklik in elektron ôfstean en is dêrmei in sterke reduktor. It gloaride-ion (Cl) sil dêrfoaroer syn ekstra elektron slim ôfstean kinne. In tige sterke reduktor is litium (Li) en in tige swakke reduktor is it fluoride-ion (F).