Springe nei ynhâld

Sewei

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 mai 2019 om 13.02 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (pic)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Sewei
Stoomtram op de Sewei (± 1910-1920) Op de eftergrûn it brechje nei de Wyldehoarnstersingel

De Sewei is in 3,4 kilometer lange strjitte op De Jouwer.

De namme Sewei of Séwei wurdt sûnt 1755 op ferskate wizen skreaun. In mooglike betsjutting fan de namme is nei it suden bûgjende dyk'. Yn de dyk sitte fjouwer rotondes. De dyk begjint by de rotonde by yndustryterrein Sewei oan de Haskerfjildwei en rint dan as in rûnwei nei de Geert Knolwei. Nei de ovatonde út 2018 rint de dyk lâns it motel mei in bocht nei it noarden en rint nei de rotonde by De Skien troch nei de rotonde by de Hurddraversdyk.

De Sewei hie foar 1930 in tal heakske bochten, oer dy dyk ried eartiids de tram nei It Hearrenfean. Yn de earste bocht lei(t) in brêge nei de heawei de polder Wyldehoarne yn. Foarby de twadde bocht, op de dyk nei Haskerhoarne, stie eartiids de Lycklamastins. Yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw is de dûbele bocht ôfsnien en waard it stik fan de Sewei in dearinnend dykje de lannen yn. Yn dy jierren wie de autosneldyk noch net oanlein. Fan dy tiid ôf ried de frachttram mei in flauwe bocht fan Westermar nei Haskerhoarne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: