Maratonriden
Maratonriden is in foarm fan groepstart reedriden, oer grutte ôfstân, riden yn omgongen op keunstiis, of yn omgongen of tochten op natueriis.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It maratonriden yn Nederlân is yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw fuortkaam út de losse lange-ôfstân reedrydtochten, doe't dêr it omgongriden bykaam. Twa desennia letter waard, nei in tal fan waarme winters, foar it omgongriden it keunstiis populêr. Dêrmei ûntstie it organisearre maratonriden.
Yn de winter fan 1971-1972 waard it earste kampioenskip hâlden. Al gau waard de sport akseptearre troch it KNSB; der waarden jildsjitters fûn, en der kaam in klassemint foar de binnendoarwedstriden. Fierder kaam der fan 1973 ôf in Alternative Alvestêdetocht. Sa ûntstie in rige fan lange wedstryden mei in grutte mar fêste groep reedriders, mei belangen dy't langer golden as ien wedstriid. As gefolch dêrfan ûntstienen reedrydploegen, en waard ploegespul part fan de wedstriden, lykas dat ek by it hurdfytsen bart.
Wedstriden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fêste wedstriden binne no:
- De 20 wedstryden om de beker.
- It Nederlânsk kampioenskip maratonriden op keunstiis.
- It seisdagemaratonriden.
- De Alternatyve Alvestêdetochten.
Bij genôch natueriis ek:
- De Alvestêdetocht.
- It Nederlânsk kampioenskip maratonriden op natueriis.
- Ferskate oare "klassyke" wedstriden op natueriis.
Jeropeeske kompetysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant no ta is it maratonriden gjin ynternasjonale sport. Yn 1997-1998 hat der in Jeropeeske kompetysje maratonriden west, mar dat is net fierder gongen. Utsein wat dielnimmers oan de Alternatyve Alvestêdetochten út de lannen dêr't dy holden wurde, is der net in soad belangstelling út oare landen as Nederlân.