Santpoort
Santpoort is in doarp yn de gemeente Felsen, yn de provinsje Noard-Hollân. It plak bestiet tsjintwurdich út de kearnen Santpoort-Noard en Santpoort-Súd. Yn 2006 wienen der 10.142 ynwenners, 6973 yn Santpoort-Noard en 3169 yn Santpoort-Súd.
Alle jierren wurdt op de earste tongersdei fan augustus in koartebaandraverij organisearre troch de Harddraverij Vereniging Santpoort & Omstreken. Dan wurdt ek de tradisjonele feestwike holden, fan de sneons foar oant en mei de sneons nei de draverij.
Santpoort leit aan de autosnelwei A208 en oan it spoar Haarlim - Uitgeest. Beide parten fan it doarp hawwe in NS-stasjon: stasjon Santpoort Noard en stasjon Santpoort Súd.
Santpoort-Noard hat de nôtmûne De Zandhaas; teffens fynt men hjir de grutste en âldste hânbôgeskutterij fan Nederlân: Vzos.
Yn Santpoort-Súd leit ek de ruïne fan kastiel Brederode.
Bekende ynwenners
Berne yn Santpoort
- Adriaan de Groot (26 oktober 1914-2006), psycholooch
- Wim Rigter (12 maart 1967-2004), radiopresintator
- Peter Klashorst, keunstskilder
- Niels Meijer, prof-basketballer
- Reinier van den Berg (5 april 1962), meteorolooch
- Philippus Jacobus Hoedemaker, teolooch
Wenne hawwe yn Santpoort
- Pieter Wispelwey, sellist
- René Descartes, 17e-iuwsk filosoof, fan 1637 oant 1641.
- Martijn Kolkman, radiopresintator fan Q-music en telefyzjestim.
- Gerrit van Houten, keunstskilder
- Nine van der Schaaf, dichteresse en skriuwster fan Frysk komôf.
- Madelon Székely-Lulofs, skriuwster
- Jacobus Theodoor Cremer, minister fan Koloanjes (Swol 30-6-1847 - Amsterdam 14-8-1923), wenne de lêste jierren fan syn libben op it lângoed Duin en Kruidberg yn Santpoort.
- Jaap Eden, reedrider en hurdfytser.
- Menno Wigman, dichter
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|