Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1835-1893)
Appearance
Jhr. Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (De Jouwer, 18 oktober 1835 - dêre, 15 augustus 1893), wie de âldste soan fan grytman jhr Pieter Benjamin Vegelin van Claerbergen (1808-1879) en Aurelia van Beyma (1815-1851).
Op 26 augustus 1864 troude hy yn Weststellingwerf mei Jacoba Everdina Sickinga (1838-1902) en krige mei har fjouwer bern. De beide soannen stoaren al jong. De húshâlding wenne yn de nijboude filla "Ter Huivra" oan de Skien op de Jouwer, in grut hûs yn sjaletstyl.[1] Valerius bleau oant 1892 yn Ter Huivra wenjen. [2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|