Springe nei ynhâld

Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 apr 2019 om 20.23 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


KNMY
KNMY
KNMY

It KNMY, Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút (Nederlânsk: Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut, KNMI) is in Nederlânsk ynstitút dat ûnder oare de deistige waarfoarsizzings docht. It KNMY is in agintskip fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Yn totaal wurkje der sa'n 500 minsken foar it ynstitút (2003).

It KNMY waard op 31 jannewaris 1854 ynsteld, by Keninklik Beslút fan kening Willem III. De oarspronklike lokaasje wie de stjerrewacht "Sonnenborgh" in Utert, mar yn 1897 ferhuze it ynstitút nei De Bilt.

De deistige ferwachtigings fan it KNMY begûnen yn 1924, doe noch fia in eigen stjoerder. Sûnt 1936 is de waarferwachting ûnderdiel fan it radionijs. Oan it begjin fan de Nederlânske telefyzje yn 1951 waard de ferwachting útstjoerd mei in waarman.

It KNMY rjochtet him op it waar, it klimaat en ierdskoddings. Dêrby jout it ynstitút spesjaal omtinken oan feiligens; it ynstitút jout in waaralaarm út by slim waar dat problemen of oerlêst jaan kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: