Springe nei ynhâld

Jouster Wettertoer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 mrt 2019 om 19.40 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Wettertoer fan De Jouwer

De Jouster Wettertoer is ûntwurpen troch arsjitekt C.J. Wierda en boud yn 1928, omdat de wettertoer fan It Hearrenfean net genôch druk op it wetterliedingnet hâlde koe.

De wettertoer hat in hichte fan 30,3 meter, in wetterreservoir fan 150 m3 en bestiet út in betonskelet mei bakstien der tusken.

De toer, yn 1956 restaurearre, is oant 1987 brûkt en waard yn 1990 omboud ta wenhûs. Op 't heden (2019) is de wettertoer bewenne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: