Feanster Wettertoer

Ut Wikipedy
De wettertoer op It Hearrenfean yn 1975

De Feanster Wettertoer waard boud yn 1915 foar 20.000 gûne. De wettertoer mei in hichte fan 42 meter en in waterreservoir fan 150 m3 wie suver gelyk oan de wettertoer fan Barendrecht út 1912. Beide tuorren binnen nammentlik ûntwurpen troch arsjitekt Roelof Kuipers. Ek de wettertuorren fan Nieuwegein IJsselstein fan 1911 hat hy ûntwurpen.

Sawat tsien jier nei de bou fan de toer wie der ferlet fan in twadde toer yn it gebiet fan It Hearrenfean. Dêrom waard de Jouster Wettertoer boud. Yn 1935 hat der in restauraasje west fanwege it rustkjen fan it betonizer.

De toer en de bygebouwen wienen makke fan griisbrune bakstien en beton. Foar de yngong wie in bordes mei oan wjerskanten in treppen. It dak op de toer hie acht siden. Yn 1974 waard de toer foar 250.000 gûne ferkocht oan de gemeente It Hearrenfean. Nei in jierrenlange ôfweaging tusken restauraasje of sloop waard yn 1982 út kostenoerwegingen tat sloop oergien. De toer stie sawat 30 meter ten westen fan de stins Oenemastate. Op it plak stiet sûnt dy tiid it wen- en winkelkompleks De Wettertoer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]