Springe nei ynhâld

Charlotte Mutsaers

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 feb 2019 om 17.55 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Sekundêre bibliografy)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Charlotte Mutsaers

Charlotte Jacoba Maria Mutsaers (Utert, 2 novimber 1942) is in Nederlâns skriuwster, essayiste en keunstskilderes.

Mutsaers waard berne as dochter fan de keunsthistoarikus Barend Mutsaers, dy't oan de Universiteit Utert stie.[1] Nei it gymnasium studearre hja earst Nederlânsk yn Amsterdam. Dêrnei waard sy dosinte Nederlânsk oan it Heger beropsûnderwiis. Wilens die sy de jûnsoplieding tekenjen en skilderjen oan de Gerrit Rietveld Akademy, ek yn Amsterdam. Koart nei har eineksamen yn skilderjen en frije grafyk waard se as dosint skilderjen oan dy akademy beneamd. Sy hat dêr goed tsien jier lesjûn.

Neist skilderijen en grafyk hat Mutsaers ek postsegels ûntwurpen, yllustraasjes makke foar de Boekebylage fan it opinyblêd Vrij Nederland en tal fan boeken fan in omslach foarsjoen.

Mutsaers har skilderijen waarden ûnder oaren útstald by bij Piet Clement, yn it Frans Hals Museum te Haarlim, it Gemeentemuseum fan Arnhim, de Nije Tsjerke te Amsterdam en Museum de Beyerd te Breda. Op de tentoanstelling Paraat met pen en penseel yn it Nederlânsk Letterkundich Museum yn De Haach yn 2010 waard Mutsaers har dûbele talint beljochte.

Earst om har 40e hinne sette Mutsaers útein mei de skriuwerij. Op 2 april 2010 hat de NPS de dokumentêre De wereld van Charlotte Mutsaers útstjoerd, in film fan Suzanne Raes. Maaie 2010 krige Mutsaers foar har literêre fertsjinsten de P.C. Hooft-priis útrikt.

Privee en polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mutsaers is troud mei de neerlândikus Jan Fontijn. Sy wenje ôfwikseljend yn Amsterdam, Oostende en Frankryk.

By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 stie se lykas in protte oare bekende Nederlannen op de list fan gadingmakkers foar de Partij foar de Bisten.

Sekundêre bibliografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2000 - Fik & snik. Over Charlotte Mutsaers, schilderes en schrijfster (ISBN 90-290-6752-7)
  • 2010 - Paraat met Pen en penseel, gearstald troch Daan Cartens. Skriuwersprinteboek nûmer 55 fan it Letterkundich Museum en teffens katalogus fan har skilderijen. (ISBN 978-90-234-4128-1)
  • 2012 - Niels Cornelissen: Armando, Brakman, Mutsaers. Over filosofie en literatuur. (proefskrift Leien útjûn troch Klement).
  • 2018 - Barbara Fraipont: Humaniteit uw naam is dier. Zoöpoëticale en -politieke configuraties in het werk van Charlotte Mutsaers.(proefskrift Université de Louvain)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografy
  2. Mutsaers wint P.C. Hooft-priis, NU.nl, 14 desimber 2009