Nanne Tepper
Nanne Tepper | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 jannewaris 1962 | |
berteplak | Hegesân | |
stoarn | 10 novimber 2012 | |
stjerplak | Grins | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | roman, kollumn, resinsje | |
útjouwer | Contact, De Bezige Bij, Statenhofpers | |
prizen | Anton Wachterpriis 1996 |
Nanne Tepper (Hegesân, 17 jannewaris 1962 - Grins, 10 novimber 2012) wie in Nederlânsk skriuwer.
Tepper giie nei de middelbere skoallen yn Veendam, dêr't er befreone wie mei de lettere kabaretier Bert Visscher en de lettere museümdirekteur Wim Pijbes. Doe't er achtjin wie ferhuze er nei Grins. Hy krige al jong niget oan popmuzyk en rjochte in garaazjerockband op, Imaginary Diseases. Letter waard er resinsint by it muzyktydskrift OOR.
Tepper debutearre mei de De eeuwige jachtvelden, wêr't er yn 1996 de Anton Wachterpriis foar krige. Yn 2000 ferskynde syn roman De vaders van de gedachte, dy't nominearre waard foar de Libris Literatuer Priis.
Novimber 2012 makke Tepper, dy't al lange tiid fan depresjes te lijen hie, yn de âldens fan 50 jier in ein oan syn libben.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De eeuwige jachtvelden (1995)
- Atonale schertsen (1997)
- De avonturen van Hilliebillie Veen (1998)
- De vaders van de gedachte (1998)
- The happy hunting grounds. Translated from the Dutch by Sam Garrett. Londen, Flamingo (in ymprint fan HarperCollins), 1999
- De lijfbard van Knut de Verschrikkelijke. Atonale schertsen. Samling fan njoggen artikels. Amsterdam, De Bezige Bij, 2008
- De psychologie van de constructie. Bezorgd en voorzien van een nawoord door Jack van der Weide. De Haach, Statenhofpers, 2015
- De kunst is mijn slagveld. Brieven 1993-2001 (besoarge en ynlaat fan Nick ter Wal) ISBN 9789025446574, 2016
- De eeuwige jachtvelden/De avonturen van Hillebillie Veen/De vaders van de gedachte ISBN 9789492928078, 2018