Springe nei ynhâld

Eysingahûs (Beetstersweach)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 sep 2018 om 10.52 troch Mlh 8861 (oerlis | bydragen) (Bewenners en funksjes)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eysingahûs oan de Haadstrjitte
Twa konsoles mei maskers ûnder de goate (detail)

It Eysingahûs is in monumintaal pand oan de Haadstrjitte 46 te Beetstersweach. It Eysingahûs yn Beetstersweach komt út de 17e iuw. De namme ûntlient it hûs oan de eigeners fan it pân yn de 18e iuw jhr. Binnert Philip van Eysinga en syn frou Eritia Ena Barones van Lynden. Troch fererving kaam it hûs yn besit fan harren dochter jonkfrou Ypkjen Hillegonda van Eysinga, dy't troud wie mei de boargemaster fan Opsterlân jonkhear Jan Anne Lycklama à Nijeholt, en fan harren pake- en beppesizzer jonkhear Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt. De boargemastershúshâlding wenne oan deselde strjitte op nûmer 80, it Lycklamahûs. Tinco Martinus liet it hûs yn 1870 ferbouwe yn in eklektyske styl. De arsjitekt wie K.J. Prakken. Under de goate sitte konsoles mei antlitten. Foar it hûs steane fjouwer peallen mei stikelkeatlings. Letter aard de wenning brûkt as dokterswenning, as galery en as plysjeburo. It pân is erkend as ryksmonumint.

Bewenners en funksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnei wurdt it pân brûkt as:

  • doktershûs (fan û.o. dokter Jan Jacob Slauerhoff)
  • plysjeburo
  • galery "Ooggetuige", neamd nei it each boppe de foardoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald, Chris Kolman, Sabine Broekhoven en Saskia van Ginkel-Meester Beetsterzwaag (Beetstersweach) (gemeente Opsterland) yn: Monumenten in Nederland. Fryslân
  • dbnl.nl