B.C. Epker
Appearance
B.C. Epker (Harns, 1968) is in Fryske tekener, fotograaf en grafikus.
B.C. Epker krige syn oplieding oan de Akademy foar Keunst en Industry (AKI) yn Ynskedee (1991-1996). Syn wurken waarden oankocht troch ûnder oare it Frysk Museum en Museum Martena. Yn 2005 hat Epker de Gerrit Benner Priis krigen, foar 'wichtige ûntwikkeling'. Hy wennet yn Ljouwert.