Tsjerke fan Haskerhoarne
Tsjerke fan Haskerhoarne | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Haskerhoarne | |
adres | Haulsterwei 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1913 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 20849 | |
offisjele webside | ||
Webstee PKN-gemeente |
De Tsjerke fan Haskerhoarne is ien fan de twa tsjerken fan de protestanske gemeente Haskeroard. De tsjerke is sûnt 1968 in ryksmonumint en wurdt tsjintwurdich allinnich foar spesjale tsjinsten brûkt.
Skiednis
De tsjerke waard yn 1913 op de fûneminten fan in âldere tsjerke boud. Dy foargonger wie in tsjerke út 1691 en waard yn 1722 tekene as in sealtsjerke mei oan de westlike kant in hege sealtektoer.
Om't it foar de lytse protestanske gemeente jimmeroan dreger waard om de twa tsjerkegebouwen fan Haskerhoarne en Aldehaske te ûnderhâlden, is der yn 2013 de Stifting behâld tsjerklike gebouwen oprjochte mei as doel finansjeel te helpen mei it ûnderhâld fan de beide tsjerken. De ynwenners fan Haskerhoarne, Aldehaske en Vegelinsoard joegen harren massaal op as donateur fan de stifting, om sa de twa protestanske tsjerken ek yn de takomst foar de doarpen te bewarjen.[1]
Ynrjochting
Ut de âlde tsjerke stamt noch de 17e-iuwske preekstoel. Oer de flier lizze in 16e-iuwske, in 17e-iuwske en trije 18e-iuwske sarken.
De âlde klok fan de tsjerke waard ûnder de Dútske besetting foardere en omraand. Yn 1948 is in nije klok getten troch de firma Eijsbouts út Asten.
By de lêste restauraasje fan de ynrjochting binne de measte banken ferfongen troch moderne stuollen.
Oargel
Yn de 19e iuw krige de herfoarme tsjerke fan De Jouwer in nij oargel. Van Dam boude it âlde Jouster oargel wer op yn de tsjerke fan Haskerhoarne. It ynstrumint wurdt datearre yn it midden fan de 18e iuw mei piipwurk út de twadde helte fan de 17e iuw.[2]
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|