Abdij fan Riddagshausen
De abdij Riddagshausen wie in sistersiïnzerabdij ûnder Braunschweig yn de dielsteat Nedersaksen yn Dútslân.
It kleaster Riddagshausen waard stichte fan Ludolf fan Wenden en yn 1145 befolke út it Kleaster Amelungsborn wei (dat wer út it earste Dútske sistersiïnzerkleaster, Kleaster Kamp stichte wie). Al yn 1146 waard it kleasterbesit fergrutte troch Hindrik de Liuw mei it doarp Ritdageshusen en en yn de iuwen dêrnei wreide it besit him fierder út.
Abt Johannes Lorbeer (stoarn 1586) fierde yn 1569 foarfêst de Reformaasje yn. Fan 1625 ôf oan wie de earste teolooch fan it lân Brunswyk teffens abt fan Riddagshausen. Sûnt 1690 húsmanne dêr ek in foarneam Lutersk seminarium foar predikanten, de earste fan Dútslân. It seminarium en de kleaster mienskip waarden 1809 opheft.[1] Yn 1776 kaam de abdij noch foar yn in list fan de Nederrynsk-Westfaalske Kreits.
It kleasterdomein wie fan 1822 oant 1934 in selsstannige gemeente.
De kleastergebouwen dy't de tiid trochstien hawwe binne de abdijtsjerke en it poartegebou, dêr't no it 'Sistersiïnzer Museum' yn sit.
-
Poartegebou
-
De kleastertsjerke
-
Ynterieur fan de tsjerke
-
Abdij Riddagshausen yn 17e iuw
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kloster Riddagshausen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|