Springe nei ynhâld

Nijsibearyske Eilannen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mrt 2018 om 22.35 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Referinsje: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lizzing fan de Nijsibearyske Eilannen.
De Nijsibearyske Eilannen.

De Nijsibearyske Eilannen[1] foarmje in arsjipel, benoarden de Eastsibearyske kust tusken de Laptevsee en de Eastsibearyske See. De eilanekloft leit benoarden fan Ruslâns grutste autonome republyk, Sacha (Jakoesje), dêr't it fan skieden wurdt troch de Strjitte fan Dmitri Laptev.

Op de Nijsibearyske Eilannen is in soad ivoar yn de foarm fam Mammoettosken fûn. De foarrie hat him dêr oer in perioade fan sa'n 200.000 jier opheape.

De Nijsiberyske Eilannen wurde ferdield yn:

De arsjipel bestiet út fjouwer grutte eilannen fan mear as 10.000 km² en in protte lytsere yn de omkriten. De Anzjoe-eilannen wurde fan de Ljachovski-eilannen skieden troch de Strjitte fan Sannikov.

It grutste part fan de eilannen is leechlân, it bestiet út los sedimint. Harren heechste punt is de hichte Malakatyn-Tas op Kotelni mei 374 m. It westlik diel is fan kalkstien en laai. Der hearsket in iisklimaat, mei njoggen moannen fan it jier snie. Trochsneed jannewaristemperatuer: -30 °C, trochsneed julytemperatuer: 3 °C oant 19 °C ôfhinklik fan de presize lizzing. Delfal: 132 mm it jier.

It earste nijs oer it bestean fan de eilannen kaam fan Kozak Jakov Permjakov oan it begjin fan de 18e iuw. Syn ekspedysje berikte de Ljachovski-eilannen yn 1712. Begjin 19e iuw waarden de eilannen fierder yn kaart brocht troch Jakov Sannikov, Matvej Gedensjtrom en oaren (Pjotr Anjou).

  1. 'Eilannen' wurdt hjir mei in haadletter skreaun, om't de arsjipel ûnder dizze namme foarkomt op de list mei ierdrykskskundige nammen foar Ruslân fan de taaluny