Springe nei ynhâld

Bokmål

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 mrt 2018 om 23.02 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It Bokmål (boektaal) en it Nynorsk binne de twa Noarske standerttalen. Fan dy twa is it Bokmål it meast brûkt. Beide standerttalen fungearje yn 'e haadsaak as skriuwtaal. De sprektaal yn Noarwegen is net echt standerdisearre en fertoant frij grutte regionale ferskillen. It Bokmål stiet ticht by de Deenske skriuwtaal. It Bokmål wurdt foaral yn it oasten fan Noarwegen brûkt.