Shy Love
Shy Love | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Shy Luv | |
echte namme | Sheelagh Patricia Blumbergh Albino | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 novimber 1978 | |
berteplak | Wiesbaden (Dútslân) | |
etnisiteit | Sisyljaansk Portorikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoaktrise, regisseur, produsinte | |
jierren aktyf | 2003 – 2014 | |
offisjele webside | ||
foarhinne www.shylovexxx.com (deade link) |
Shy Love, echte namme: Sheelagh Patricia Blumbergh Albino (Wiesbaden, 27 novimber 1978), is in Amerikaansk pornografysk aktrise en pornoregisseur en pornoprodusinte. Se waard berne yn it Dútske Wiesbaden, dêr't har heit, dy't fan Sisyljaansk komôf is, doedestiden as Amerikaansk soldaat stasjonearre wie. Har mem komt oarspronklik fan Porto Riko.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste sân jier fan har libben brocht Shy Love troch op in Amerikaanske legerbasis yn Dútslân; dêrnei ferfear hja mei har heit en mem en fiif susters nei New Haven, yn 'e steat Konnetikut. Yn 2011 brocht kollega-pornostjer Diamond Kitty út dat sy Shy Love har healsuster is, dy't troch deselde heit by in Kubaanske frou út Miami oanset is. Neffens eigen sizzen wisten se fan inoars bestean ôf, mar metten se inoar pas doe't Shy Love, nei it ôfrûnjen fan har middelbere-skoaloplieding, yn Floarida kaam te studearjen; Shy Love wie doedestiden 16 jier en Diamond Kitty 10 jier.
De stúdzje dy't Shy Love yn Floarida die, wie in boekhâldkundigen-ien, en fan gefolgen is se in beëdige accountant. Se makke har debút yn in pornografyske film yn 2003, doe't se midden yn 'e tweintich wie, en hat sûnt neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 310 pornofilms spile. Yn 2013 waard se dêrfoar ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Yn 2014 hold Shy Love op mei te wurkjen as aktrise. Njonken har wurk as aktrise is se yn 'e pornoyndustry ek efter de skermen aktyf, benammentlik as regisseur en produsinte fan pornofilms (fan 2004 ôf), mar se runt sûnt 2006 ek har eigen talinte-agintskip, Adult Talent Managers. Dat fertsjintwurdiget njonken aktrises as Memphis Monroe en Lisa Daniels ek homoseksuele manlike akteurs, wat in unikum yn 'e pornobrânzje is. Fierdersoan is Shy Love ek eigner fan in accountantsburo en mei-eigner fan 'e nachtklub 13 Pure, yn Colorado Springs, dy't yn jannewaris 2008 iepene waard.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2005 | XRCO Award | nominearre | bêste sekssêne fan in pearke yn in film | Janine's Got Male |
2006 | AVN Award | nominearre | bêste ynteraktive dvd | Shy Love's Cum Play With Me |
2007 | AVN Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. |
2013 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
Xbiz Award | nominearre | regisseur fan it jier fan in parody | El Gordo y la Flaca |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografy fan Shy Love yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Shy Love yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Kommunikee op 'e webside LukeIsBack.com, wêryn't Diamond Kitty fertelt dat se de healsuster fan Shy Love is
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |