Springe nei ynhâld

Heerke Wenning

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jan 2018 om 16.00 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Heerke Wenning (Dokkum, 30 juny 1847 - Frjentsjer, 14 novimber 1903) wie in heraldikus en konsjerzje oan de ryks-HBS yn Ljouwert. Publisearre tusken 1884 - 1892 oer heraldyk en genealogy, benammen yn it Jaarboekje van den Friesche adel.

Hy advisearre yn 1892 ( mei argivaris J.L. Berns ) oer de wapens yn de nije Steateseal. Brocht yn 1897 rapport út oan Deputearre Steaten oer de Fryske flagge. Wie in bekwaam heraldysk tekener. Redakteur fan acht nûmers fan De Friesche Adelaar, makke in soad tekeningen, benammen grêfsarken) dy't bewarre wurde yn de kolleksje fan it Frysk Museum. Syn jongere broer Johannes Ypes Wenning wie tekener by it kadaster fan Ljouwert en wie in kundich kalligraaf en wapenskilder.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: