Springe nei ynhâld

NPO 2

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 des 2017 om 11.36 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
NPO 2
medium telefyzje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 1 oktober 1964
haadkertier Hilfertsom (Nederlân)
ûntfangstgeb. Nederlân, Flaanderen,
parten fan Dútslân
eigner Nederlânske Publike Omrop
webside www.npo2.nl

NPO 2 (earder Nederlân 2 en TV 2) is ien fan de trije telefyzjestjoerders fan 'e Nederlânske Publike Omrop. De stjoerder waard oktober 1964 oprjochte en profilearre him ein tachtiger jierren as in stjoerder fan benammen sport, amusemint en wichtige eveneminten. Tsjintwurdich binne dizze ûnderdielen te finen op NPO 1 en rjochtet NPO 2 him op keunst, kultuer, polityk, mienskip en relygje.

Yn 2008 hie NPO 2 (doe Nederlân 2) in merkoandiel fan 7,1% en wie dêrmei wat publyk oanbelanget de fyfde stjoerder fan Nederlân. Netkoördinator is sûnt 1 oktober 2012 Gijs van Beuzekom.