Springe nei ynhâld

Shane (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 okt 2017 om 17.14 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Libben: red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Shane
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shannon Hewitt
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 desimber 1969
berteplak Simi Valley (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as stripper, pornoaktrise,
regisseur, produsinte
jierren aktyf 19931999 &
20022004 & 2007
offisjele webside
gjint

Shane, echte namme: Shannon Hewitt (Simi Valley (Kalifornje), 16 desimber 1969), is in rêstend Amerikaansk pornografysk aktrise, stripper, pornoregisseur en pornoprodusinte. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei kupmaat 36C. Hja hat in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien.

Shane waard berne yn 'e stêd Simi Valley, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, net fier fan Los Angeles ôf. Se gie nei de middelbere skoalle yn Lawndale. Yn 1993, doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Jierrenlang wurke se nau gear mei pornoprodusint, -regisseur en -akteur Seymore Butts, mei wa't se yn it echt ek in relaasje hie. Yn 1996 rjochte se har eigen pornografyske filmstudio op, ûnder de namme Shane's World, en sette se njonken har aktearwurk ek útein mei it regissearjen en produsearjen fan har eigen films, wêrûnder de bekroande gonzo-searje Shane's World.

Yn 1997 rekken Shane en Seymore Butts mei slaande rûzje útinoar. Datselde jiers noch, op 3 maaie, troude Shane mei de muzikant Bobby Fernandez-Hewitt, fan 'e band Orgy. Doe't se yn 1999 yn ferwachting rekke, loek se har út 'e pornoyndustry werom, en ferkocht se har filmstudio. De nije eigners besleaten de namme Shane's World te hanthavenjen, en de studio is noch altiten aktyf, al hat Shane der dus sûnt 1999 al neat mear mei te krijen.

Op 15 maaie 2000 kaam Shane en Bobby harren soan Gavin te wrâld, yn 'e simmer fan 2002 folge troch in twadde bern. Neitiid wie Shane fan 2002 oant 2004 wer aktyf as pornoaktrise, en letter makke se yn 2007 nochris in koart duorjende comeback foar de film Shane and Friends. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 89 pornofilms, al hie se yn mear as 40 dêrfan in net-pornografysk kameoroltsje. Fierders regissearre se 43 pornofilms. Mei har wurk wûn se ferskate prizen, wêrûnder in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), en teffens waard se yn 2007 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1995 XRCO Award wûn ûnderwurdearre sirene (Unsung Siren) n.f.t.
1996 FOXE Award wûn froulike favoryt fan 'e fans n.f.t.
1997 FOXE Award wûn froulike favoryt fan 'e fans n.f.t.
XRCO Award wûn bêste gonzo-searje (foar Shane's World) n.f.t.
1999 AVN Award wûn Special Achievement Award (oeuvrepriis) n.f.t.
2005 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.