Springe nei ynhâld

Huzinge Voormeer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 sep 2017 om 15.04 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Huzinge Voormeer

Huzinge Voormeer is in monumintaal pân yn It Mar op It Hearrenfean. It is ien fan de pear oerbleaune minumintale gebouwen dy't ea op It Fean stienen. It hûs stiet no op in ûnopfallend plak dêr't hast gjin ferkear mear lâns komt. Dat wie oant de autosnelwei A32 oanlein waard wol oars, doe stie it oan de drokke wei dêr't in soad ferkear út De Knipe wei kaam.

Huzinge Voormeer is yn 1755 boud troch de famylje Van Heloma. In portret fan de makker hinget boppe de doar yn in seal. Op ien fan de muorren sit goudlearbehang.

Yn 1977 is it hûs fan binnen yngripend restaurearre. It wurdt no partikulier bewenne en is net tagonklik foar publyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rudolf Wielinga - Voormeer, familiehuis Van de Heloma's.
  • Ljouwerter Krante, 23 novimber, 2011, side 13