Skipsgrêf
Appearance
In skipsgrêf of boatgrêf is in begraafplak op it lân, út meast de iere midsiuwen, dêr't ien of mear ferstoane(n) by yn in skip of boat bedobbe waarden.
In ferneamd foarbyld is it 7e iuwske skipsgrêf yn Sutton Hoo, Ingelân. Oare foarbylden binne it Gokstadskip en it Osebergskip, twa 9e iuwske Wytsingeskippen dy't yn Noarwegen fûn binne. Wierskynlik gie it om grêven fan foaroansteande minsken. Dizze skipsgrêven leinen ûnder in grêfhichte en hiene faak grêfjeften. Dit soarte fynsten hawwe wichtich west foar it witten oer de iere midsiuwen, en hawwe ek keunsthistoarysk en archeologysk belang.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ibn Fadlan - jout in tsjûgeferslach fan in 10e iuwske Wytsinge skipsbegraffenis by wat no Balymer is.
- Stiennen skip
- Sinneboat
- Striidweinbegraffenis