Springe nei ynhâld

PC 1975

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 aug 2017 om 10.59 troch Mlh 8861 (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De PC fan 1975 waard op woansdei 30 july ferkeatst. De 118de edysje waard wûn troch it partoer fan Johan van Seijst fan Drachten, Klaas van Wieren fan Berltsum en Jetze Faber fan Stiens.

De striid wie in heale oere te let begûn, om't it perk ferkeard lein wie, dêr't de perkspylders troch tsjin sinne en wyn yn spylje moasten. Letter moast troch feroare fan de loft it perk nochris ferlei wurde. De finale waard ferkeatst tusken de partoeren fan Piet de Jong, Johan Halbesma en André Roosenburg en fan Johan van Seijst, Klaas van Wieren en Piet Jetze Faber. It lêstneamde partoer wûn; in oerwinning dêr't alle trije tige wiis mei wienen. Johan van Seijst waard keazen ta kening.

Fiifhûndert gûne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Frjentsjerter juwelier hie tasein de winner elts fiifhûndert gûne te jaan, mar yn de finale hienen de spylders dêr net om spile. De beide partoeren hienen yn it foar al ôfpraat it jild trijehûndert om twahûndert te ferpartsjen.