Springe nei ynhâld

Herefordshire

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 jul 2017 om 17.05 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Plakken yn it distrikt Herefordshire: red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lizzing Herefordshire yn Ingelân

Herefordshire is in greefskip yn de Ingelske regio West Midlands, dat nei alle gedachten oprjochte waard yn 'e iere 10e iuw. It telt 174.871 ynwenners op in oerflak dat 2179,7 km2 berint.

Herefordshire grinzet oan de greefskippen Shropshire yn it noarden, Worcestershire yn it easten, Gloucestershire yn it suden en de Welske greefskippen Gwent yn it súdwesten en Powys yn it westen. It wurdt regearre troch in unitary authority, in fertsjintwurdigjend lichem dat it hiele greefskip omfiemet (sûnder ûnderferdieling yn distrikten. Yn 1974 waard Herefordshire gearfoege mei Worcestershire ta it nije greefskip Hereford en Worcester, mar dy bestjoersfernijing waard yn 1998 weromdraaid doe't Hereford en Worcester wer opspjalten waard yn 'e beide oarspronklike greefskippen (mei in pear grinsoanpassings dy't eins te ferwaarleazgjen wiene).

Fan de befolking is 19,2 % âlder as 65 jier. De wurkleazens wie 2,7 % fan de beropsbefolking by de folkstelling 2001.

It oantal ynwenners gie fan sa'n 160.400 yn 1991 nei 174.871 yn 2001. 99.1% fan de befolking is blank.

Plakken yn it greefskip Herefordshire

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]