Minnesota Book Award
Appearance
Minnesota Book Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | literatuer út Minnesota | |
útrikt troch | Friends of the Saint Paul Public Library | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Sint-Paul (Minnesota) | |
ynsteld | 1988 | |
offisjele webside | ||
www.thefriends.org/programs/mnbookawards |
De Minnesota Book Awards binne in groep Amerikaanske literêre prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar literêre wurken, kreëarre troch lju út 'e steat Minnesota. De útrikking fan 'e prizen, dy't sûnt 1988 plakfynt, wurdt organisearre troch de stifting The Friends of the Saint Paul Public Library ("De Freonen fan 'e Iepenbiere Bibleteek fan Saint Paul").
De Minnesota Book Awards wurde útrikt yn 'e folgjende kategoryen:
- Algemiene non-fiksje;
- Berneliteratuer;
- Lêzerskar (publykspriis);
- Literatuer foar jonge folwoeksenen;
- Memoires & kreätive non-fiksje;
- Minnesota;
- De Minnesotaanske boekekeunstner (wêrmei't in grafysk keunstner erkend wurdt);
- Poëzij;
- romans & koarte ferhalen;
- Sjenrefiksje (wat in oerkoepeljende beneaming is foar alles dat net ta mainstream-literatuer heart, lykas science fiction, fantasy, horror, Goatyske romans, detektiveromans, westernromans, ensfh.);
- De Kay Sextonpriis (útrikt oan in persoan of organisaasje dy't him/har lang ynset hat ta de befoardering fan 'e publikaasje of it lêzen fan boeken of fan oare literêre aktiviteiten yn Minnesota; neamd nei de earste winner).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |