Stifting Skûtsje Súdwesthoek
Appearance
De Stifting Skûtsje Súdwesthoek, oprjochte op 17 febrewaris 1958, is de eignersstifting dy't fan Starum út mei in skûtsje meidocht oan it kampioenskip fan de SKS.
Oantenmei 2002 sylde de stifting mei de lytse Súdwesthoek. Op 31 desimber 2002 hat de stifting lykwols in grutter skûtsje koft, de Hoop op Welvaart fan Wim van Daalen, dat no ek wer Súdwesthoek hjit. De stifting brûkt it âlde skûtsje, dat no wer De Twee Gebroeders hjit, foar ploechjesilen.
Skipper op it wedstriidskûtsje wie Meindert de Groot. Mei yngong fan 2008 is dy funksje oernaam troch syn soan Auke de Groot.