Springe nei ynhâld

Amerikaanske frontier

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 mai 2017 om 15.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De cowboy, dat ikoanyske symboal fan 'e Amerikaanske frontier.

De Amerikaanske frontier, of koartwei de frontier, is de oantsjutting foar de histoaryske foargrins fan 'e "beskaving" (dat wol sizze: de kolonisaasje troch de blanken) yn Noard-Amearika yn it algemien en binnen de grinzen fan 'e Feriene Steaten yn it bysûnder. It begryp omfettet sawol geografy en skiednis as in no grutdiels útstoarne way of life ("manear fan libjen"), dy't suver in kultuer op himsels wie.

De grutte ferliezers fan 'e Amerikaanske frontier: de Yndianen.

De Amerikaanske frontier as sadanich (d.w.s.: yn in foarm dy't ûnderskiedber wie fan it kolonisearre gebiet mei stêden, yndustry en maatskiplike foarsjennings dat almar mear op Jeropa begûn te lykjen) ûntstie om 1700 hinne oan 'e westgrins fan 'e oarspronklike trettjin Amerikaanske koloanjes. Meitiid skode er almar fierder op nei it westen, oant Kalifornje en de rest fan 'e Noardamerikaanske westkust ek kolonisearre rekke; doe waard de frontier beheind ta de flakten en de bergen yn 'e midden fan it kontinint. Oer it generaal kin de ferskowing fan 'e frontier fêststeld wurde oan 'e hân fan it talitten fan steaten ta de Uny. Dêroan foarôfgeande wie in gebiet in territoarium; sadree't it oan 'e kwalifikaasjes foldie om in folweardige steat te wurden, eat dêr't alle territoaria nei stribben, waard it net mear as ûnderdiel fan 'e frontier beskôge. Op dy manear ferdwûn de frontier yn 1912, mei de talitting fan Arizona, út 'e legere 48 steaten. Alaska, dat pas yn 1959 ta de Uny tatrede, hat sadwaande noch altyd as offisjele bynamme The Last Frontier.

De frontier is yn 'e Feriene Steaten in suver ikoanysk begryp wurden, dat ferwiist nei de goudene tiden doe't wâldrinners lykas de fiksjonele Nathaniel "Natty" Bumppo, better bekend as Haukeach (Hawkeye), út James Fenimore Cooper syn ferneamde roman The Last of the Mohicans, troch de no grutdiels weiwurden wâlden yn 'e eastlike Feriene Steaten swalken, en letter, doe't stoere cowboys harren keppels fee oer de prêrjes fan it Wylde Westen dreaune en dêrby tusken de bedriuwen troch banditen en Yndianen moares learden. Men ferjit fansels dat it foar de lju dy't doedestiden libben nei alle gedachten hielendal net sa'n ideäle tiid wie. Likegoed komt men it begryp frontier yn Amearika oeral tsjin. Yn Jeropa is it faaks hast noch wol it bekendst wurden fan 'e troch Gene Roddenberry optochte iepeningswurden fan eltse Star Trek-film en -tillefyzjeôflevering: ''Space: the final frontier. These are the voyages of the star ship Enterprise..."