Philip Sadée
Philip Lodewijk Jacob Frederik Sadée (Den Haach, 7 febrewaris 1837 - dêre, 14 desimber 1904) wie in keunstner dy't ta de Haachske Skoalle hearde.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sadée sette út ein mei skilderjen doe't er tweintich wie. Ynearsten skildere er bibelske tafrelen en histoarjestikken, letter helle er syn ûnderwerpen út it libben fan alledei. Yn Skeveningen krige er kontakt mei it fiskerslibben en dêr waarden it strân en de dunen boarnen fan ynspiraasje, mar hy skildere ek stedsgesichten. It gebrûk fan heldere kleuren wie in skaaimerk fan Sadée.
Sadée studearre tegearre mei Julius van de Sande Bakhuyzen yn Düsseldorf. Hy hat reizen makke nei België, Dútslân, Frankryk en Italië. Sadée hie tentoanstellingen yn Amsterdam, Rotterdam en De Haach yn de jierren 1853-1903 en waard ta lid keazen fan Arte et Amicitiae yn Amsterdam.
Sadée hat ek haaddosint oan de Haachske Tekenakademy west en hie dêr Hendrikus M. Horrix (1845–1923) ûnder syn learlingen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Skeveningske froulju
-
Boeren
-
Mem en bern yn de dunen
-
It lot fan de earmelju
-
Wachtsje op de float
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Philip Sadée fan Wikimedia Commons. |