Springe nei ynhâld

Arnoldus Johannes Andreae

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 mai 2017 om 17.40 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Wurk: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Arnoldus Johannes Andreae

Arnoldus Johannes Andreae (Kollum, 30 jannewaris 1845 - dêre, 27 febrewaris 1899) wie in notaris.

Hy waard yn 1872 Master yn de Rjochten (Universiteit Utert) en folge syn heit Daniël Hermannus Andreae op as notaris yn Kollum (1881). Yn 1877 boaske er mei Ulrica Hermanna Huber en waard er lid fan de gemeenterie fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Sy wennen yn de troch syn heit sette filla "Philippusfenne".

Andreae holp mei oan de Histoaryske tentoanstelling fan 1877 en wijde him oan de Fryske skiednis. Waard lid en bestjoerslid fan it Frysk Genoatskip en skreau ûnder oare oer de boargerlike en tsjerklike yndieling fan it âlde Fryslân, de Lauwerssee en Kollumerlân. Fierders joech er genealogyske stúdzjes en biografyen út en bejoech him op maatskiplik terrein.

Yn 1894 waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fiif jier letter kaam er te ferstjerren troch in longûntstekking yn de âldens fan 54 jier.

Mei Ulrica krige er twa soannen en in dochter. De lêste stoar al mei njoggen jier. De Aldheidkamer Mr. Andreae is nei him ferneamd.

Unfolslein

  • 1877: Gids voor reizenden
  • 1881: De Lauwerzee nagespoord in wording, omvang en bedijkingen (Ljouwert);
  • 1883: Kollumerland en Nieuw-Kruisland, geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving (Kollum);
  • 1885-86: Oudheidkundige plaatsbeschrijving van de gemeente Kollumerland en Nieuw-Kruisland. (2 dielen; Kollum);
  • 1890-91: Het klooster Jerusalem of Gerkesklooster (Kollum);
  • 1893: Nalezing op de nieuwe naamlijst van Grietmannen van Jhr. Mr. H. Baerdt van Sminia (Ljouwert);

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: