Lieuwe Heine Bouma
Appearance
Lieuwe Heine Bouma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 augustus 1919 | |
berteplak | Arnhim (Gelderlân) | |
stoarn | 18 augustus 2004 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | oersetter, frisiast | |
jierren aktyf | 1989 – 1991 | |
bekendste wurk(en) |
De Stellen Brief De Skimmelruter |
Lieuwe Heine Bouma (Arnhim, 28 augustus 1919 - Ljouwert, 18 augustus 2004) wie in Frysk oersetter en frisiast.
In fertaling fan syn hân fan it koarte ferhaal De Stellen Brief, nei The Purloined Letter, fan 'e Amerikaanske skriuwer en dichter Edgar Allan Poe, ferskynde yn 1989. Yn 1990 kaam ûnder de titel De Skimmelruter syn fertaling út fan Der Schimmelreiter, in novelle fan 'e Dútske skriuwer Theodor Storm, út 1888. Teffens brocht er yn 1991 in oersetting út fan Sikke fan Goslinga syn memoires oer de Spaanske Súksesjeoarloch, ûnder de titel Oantinkens oan de Spaanske Suksesjeoarloch (1706-1709 en 1711).
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1989: De Stellen Brief (nei The Purloined Letter, fan Edgar Allan Poe)
- 1990: De Skimmelruter (nei Der Schimmelreiter, fan Theodor Storm)
- 1991: Oantinkens oan de Spaanske Súksesjeoarloch (1706-1709 en 1711) (nei de memoires fan Sikke fan Goslinga)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |