Willy Lages
Willi Paul Franz (Willy) Lages (Braunschweig, 5 oktober 1901 – Braunlage, 2 april 1971), wie yn de Twadde Wrâldkriich as SS-Sturmbannführer, haad fan de SD yn Amsterdam. Yn 1941 waard er liedingjaande fan de Zentralstelle für jüdische Auswanderung ('Sintraal buro foar Joadske emigraasje'), in funksje dy't er in skoft tagelyk mei SS-Obersturmführer Erich Rajakowitsch útoefene. Sadwaande wie hy meiferantwurdlik foar de deportaasje fan joaden út Nederlân, nei konsintraasjekampen yn Dútslân en Poalen.
Willy Lages wie belutsen by de arrestaasje fan fersetsman Johannes Post en wie ek by dy syn eksekusje, en dy fan oare fersetstriders, op 16 july 1944. Hy wie ek ferantwurdlik foar de Silbertanne-moard op skriuwer A.M. de Jong en foar de eksekúsje fan Hannie Schaft.
Lages waard op 19 july 1946 op sân punten oanklage, ûnder oaren foar joadeferfolgingen, razzia's, Silbertanne-moarden en brânstichting.[1] Op 20 septimber 1949 waard hy troch it Amsterdamsk bysûnder gerjochtshof ta de dea feroardiele.[2]
Keninginne Juliana wegere lykwols twaris it deafûnis te ûndertekenjen, dat it deafûnis waard feroare yn libbenslange finzenisstraf.[3] Lages waard yn Breda fêstset, mei Joseph Kotälla, Ferdinand aus der Fünten en Franz Fischer. Meielkoar wienen sy de ferneamde de Fjouwer fan Breda.
Fanwege slimme sikens waard Lages op 18 maaie 1966 yn it sintraal sikehûs fan it finzeniswêzen yn Vught opnaam. Op 9 juny 1966 joech minister fan justysje Ivo Samkalden him strafûnderbrekking op humanitêre grûnen fan 'op syn meast trije moannen' en waard er mei de sikewein nei West-Dútslân brocht.[4][5] Dat makke in soad minske yn Nederlân lilk.[6] Omdat hy neffens de grûnwet fan West-Dútslân net útlevere wurde kinne soe kaam it del op frijlitting foar altyd salang at er net bûten Dútslân komme soe.[7] Yn Braunlage ûndergie er twa operaasjes en libbe noch in lytse fiif jier. April 1971 stoar er yn de âldens fan 69 jier oan in breintumor.[8][9]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Dútsk ofsier
- Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SS
- Lid fan de SD
- Dútsk faksist
- Dútsk krimineel
- Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden
- Persoan dy't ta de dea feroardiele is
- Persoan berne yn 1901
- Persoan stoarn yn 1971