Gedachtestreekje
– |
Lêstekens: skrapke of komma apostrof breedteken of kapke
|
It gedachtestreekje of omtinkstreekje (–) is in lêsteken dat de foarm fan in lizzend streekje hat.
It wurdt brûkt foar de skieding fan in tuskensin of foar it oanjaan fan in ûnferwachte draai.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Frysk kin it gedachtestreekje brûkt wurde:
- om te ferdúdlikjen: dat wat nei it lizzend streekje komt, is in útlis fan it foargeande
- Doe’t se lang om let teplak wiene, troffen se in lege keamer – de dieder wie poater.
- as linsteken, wat sterker as it skrapke
- Jantsje naaide út – sûnder noch in wurd te wikseljen.
- om in tuskensin oan te jaan, benammen in útwreidzjende eigenskiplike bysin; wat sterker as skrapkes, sawat gelyk oan heakjes
- Mar doe naam pake Wytse – dy’t it measte dochs al net mei Jantsje hie – de leie.
Typografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de typografy is it wenst om it gedachtestreekje, yn Fryske tekst, wer te jaan mei in heal kastlyntsje, mei oan beide kanten in spaasje.
- Jo – net op myn oanjaan – ûntwraksele oan de see
Inkeld wurdt in hiel kastlyntsje brûkt.
- Jo — net op myn oanjaan — ûntwraksele oan de see
Yn Ingelke tekst is in hiel kastlyntsje sûnder spaasjes wizânsje (mar dêrby moat oanjûn wurde dat dy yn goede lettertypes in minimale wytrûmte om har hinne hawwe).
- He was running, Watson—running desperately.