Karl von Richthofen
Karl Otto Johannes Theresius baron von Richthofen (Damsdorf by Striegau, 30 maaie 1811 - dêre, 7 maart 1888) wie in Dútske germanist, rjochtshistoarikus en heechlearaar te Berlyn. Hy hat him tige fertsjintstlik makke mei syn publikaasjes op it mêd fan it midiuwske Fryske rjocht.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1842 oant 1860 wie Von Richthofen heechlearaar yn Berlyn. Yn 1849 waard er lid fan it Erfurter parlemint en letter ek fan it Hûs fan Offurdigen. Doe't er it amt fan heechlearaar oer joen hie, wije er him hielendal oan wittenskiplike stúdzje.
Yn de tiid dat er yn Fryslân en Grinslân tahâlde, hat Von Richthofen Aldfryske rjochtsboarnen opspoare. Von Richthofen hie te lijen fan in eachsykte en hat syn Untersuchungen über friesische Rechtsgeschichte skreaun doe't er al folslein blyn wie.
Publikaasjes/Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1840 Friesische Rechtsquellen
- 1840 Altfriesisches Wörterbuch
- 1863 Lex Frisionum (yn Monumenta Germaniae Historica)
- 1880-1886 Untersuchungen über friesische Rechtsgeschichte (3 dielen)
- 1886 Die ältere Egmonder Geschichtsquellen