Springe nei ynhâld

Konstantyn III fan Brittanje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 mai 2017 om 21.16 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Konstantyn III wie yn 'e 6e iuw in kening fan Dumnonia. Letter bleau syn oantins yn leginden libbe as in iere kening fan hiel Brittanje.

Gildas neamt him kening fan Damnonia (faaks is dat Dumnonia) en hikkelet him foar sûnden, sa as de moard op twa "royal youths" yn in tsjerke. Geoffrey fan Monmouth skriuwt folle letter oer him yn syn pseudo-histoaryke kronyk Historia Regum Britanniae, heakket optochte details oan Gildas' ferslach ta. Hy soe in neef fan Kening Arthur west hawwe en wie ien fan mar in stikmannich dy't de Slach by Camlann oerlibben. Hy kaam op de troan neidat Arthur nei Avalon brocht wie. Under ynfloed fan Geoffrey, ferskine fan Konstantyn ôflate figueren yn in tal lettere wurken.

Ferskate tsjerken en kapellen yn Súdwest-Brittanje en ek op oare plakken waarden wijd oan in "Sint Konstantyn", dêr't yn it generaal fan toch wurdt dat er kening west hat. Dy Konstantinen hoege lykwols net ien en deselde persoan te wêzen; it liket dêrop dat guonts werom gean op Gildas syn Konstantyn.