Soester Dunen
De Soester Dunen is in sânferstowing yn de gemeente Soest yn de provinsje Utert. De Soester Dunen binne in ûnderdiel fan de streek fan de Utertse Heuvelrêch. De provinsjale wei fan Soest nei Soesterberch splitst de Soester Dunen yn de Lange Dunen en de Koarte Dunen. Yn de lêste iistiid is it sân fan de dunen ôfsetten troch de wyn.
Nei de foarming fan de Utertse Heuvelrêch troch it lâniis yn de foarlêste iistiid, it Saalien, is der yn de lêste iistiid, it Weichselien, in pakket sân (deksân) ôfsetten troch de wyn. Doe't it iis him weromluts ûntstienen bosken en heidefjilden. Troch it plagjen fan de heide en oerbegersking rekke de grûn fegetaasjeleas en begûn it sân te stowen. Troch de yntroduskje fan keunstdong waard minder plagge en weroveren de bosken terrein. De Koarte en Lange Dunen binne suver net beboske en foarmje twa aktive stosângebieten. Tsjintwurdich is spesjaal behear nedich om it stosân yn de Soester Dunen te behâlden, lykas it weiheljen fan fegetaasje.
De Lange en Koarte Dunen hearre by de lêste gebieten yn Nederlân dêr't aktyf stosân oer in grut oerflak foarkomt. Dat makket it ta in ierdkundich weardefol gebiet. Yn 1997 binne de Lange en Koarte Dunen troch de provinsje Utert ta ierdkundich monumint ferklearre.
De Soester Dunen binne eigendom fan de gemeente Soest.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Lange Duinen en Korte Duinen op de webstek fan IVN Iemlân
- Ierdkundige wearden yn de provinsje Utert
- beskriuwing op ierdkunde.nl