Springe nei ynhâld

Maatskippij

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 aug 2016 om 17.30 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side giet oer de mienskip fan persoanen. Foar de ûndernimming, sjoch: bedriuw.

In maatskippij is in mienskip fan alle persoanen dy't yn in beskate geografyske regio of yn in beskaat sosjaal fermidden belutsen binne by oanhâldende sosjale ynteraksje, en dy't ornaris ûnderwurpen binne oan itselde politike gesach en deselde oerhearskjende kulturele ferwachtings. Sokke maatskippijen wurde karakterisearre troch patroanen fan ûnderlinge konneksjes tusken yndividuën (sosjale relaasjes) en ynstellings. Sadwaande kin in maatskippij ek wol omskreaun wurde as de som fan al sokke relaasjes tusken syn leden. De Nederlânske term samenleving is yn dit ferbân, as de betsjutting letterlik nommen wurdt, tige ferhelderjend: de leden fan in maatskippij libje mei-inoar gear yn ien en deselde kultuer of ien en itselde lân. Yn 'e sosjology wurdt yn 'e regel lykwols ûnderskie makke tusken de bredere maatskippij en syn sosjale lagen en oare subgroepen.

Ynsafier't in maatskippij beskôge wurde kin as in gearwurkingsferbân, kin it syn leden profitearje litte fan saken dy't op poer yndividuële basis net mooglik wêze soene. De âlderdomsfersekering is dêr in goed foarbyld fan: dy wurdt opbrocht troch de wurkjenden fan hjoed de dei, dy't der op dit stuit gjin direkte baat by hawwe, en der mar op betrouwe moatte dat dit systeem noch bestean sil as sy sels safier binne dat se derfan profitearje kinne. In maatskippij smyt op dy wize grutte foardielen op foar sawol yndividuën as foar de mienskip as gehiel, en yn in protte gefallen oerlaapje dy twa kategoryen foardielen inoar, mei sawol baat foar it yndividu as foar de mienskip. Wat mear oft de yndividuële leden profitearje fan harren lidmaatskip fan 'e maatskippij, wat grutter oft de sosjale koheezje wêze sil.

In maatskippij kin ek bestean út in groep minsken mei deselde opfettings, dy't harren eigen noarmen en wearden bewarje binnen in dominante, bredere maatskippij. Sa'n dielmaatskippij neamd men in subkultuer. Subkultueren kinne útinoar rinne fan folslein ûnskeadlik, lykas skateboarders, oant parasitearjend op 'e bredere maatskippij, lykas de maffia. De wittenskip dy't him dwaande hâldt mei it bestudearjen fan it ferskynsel 'maatskippij' is de sosjology. Ferskate oare tûken fan wittenskip lizze har ta op it bestudearjen fan ûnderdielen fan 'e maatskippij, lykas antropology (de minske en syn kultueren), bestjoerskunde (iepenbier bestjoer), ekonomy (behoeftebefrediging fan 'e minske), rjochtsgeleardheid (it rjocht), politikology (de polityk) en sosjale geografy (romtlike patroanen binnen de maatskippij).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.