Springe nei ynhâld

Jûkiaanske talen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 jun 2016 om 20.28 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jûkiaanske talen
algemien
oare namme(n) Jûky-Wappo-talen
Yukiaanske talen
lokaasje noardlik Kalifornje
tal talen 2
tal sprekkers 0 († ±1990)
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Jûky
Wappo

De Jûkiaanske talen (ek wol stavere as Yukiaanske talen) of Jûky-Wappo-talen foarmje in lytse taalfamylje, wêrfan't de talen foarhinne sprutsen waarden yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dizze kloft bestie út twa út 'e fierte oaninoar besibbe talen, it Jûky en it Wappo, dy't no beide útstoarn binne.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jûkiaanske talen besteane út twa talen:

Fersprieding fan 'e Jûkiaanske taalfamylje yn Noard-Amearika.

It Jûky bestie út trije dialekten (Noardlik Jûky, Kust-Jûky en Hûtsjnom), dy't soms as selsstannige talen beskôge wurde. It Wappo waard yn fjouwer ûnderskate dialekten yn 'e Napa-delling sprutsen, mei in fyfde dialekt yn in eksklave oan Clear Lake.

It Jûky en it Wappo ferskilden sterk op sawol grammatikaal as leksikaal mêd. As etnyske groepen hiene de Jûky en de Wappo ek tige ûnderskate kultueren, en sels harren fysike eigenskippen wykten sterk faninoar ôf. It is sadwaande dúdlik dat de beide talen inkeld út 'e fierte oaninoar besibbe wiene. Dy foarûnderstelling hat laat ta it ûntstean fan ferskate teoryen oer it presize aard fan 'e ûnderlinge relaasje fan talen.

Yn 'e mande mei de Sjûmasjyske talen en mooglikerwize de guon talen fan it Kalifornysk Skiereilân, lykas it Waikoery, hearden de Jûkiaanske talen ta de âldste taalfamyljes dy't har yn Kalifornje fêstigen, foarôfgeande oan 'e oankomst fan 'e sprekkers fan 'e Penûtiaanske en Jûto-Azteekske talen, en wierskynlik sels fan 'e sprekkers fan 'e Hokaanske talen. Der besteane oanwizings dat it Jûky en it Wappo yn it twadde milennium f.Kr. útinoar gien binne. De Wappo-sprekkers kinne har dêrby fan 'e Jûky-sprekkers ôfskaat hawwe fanwegen de opmars fan 'e Pomo. Mar it is ek mooglik dat de sprekkers fan 'e beide talen har al as aparte folken yn noardlik Kalifornje nei wenjen set hawwe.

Besibskip mei oare taalfamyljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taalkundigen hawwe yn it ferline besocht om 'e Jûkiaanske talen yn ferskate oare taalfamyljes yn te passen. Sa hat men besocht konneksjes oan te toanen mei û.m. de Penûtiaanske talen (dêr't dan ek de Jokûtsyske talen by ûnderbrocht wurde moatte soene), de Hokaanske talen en de Sûaanske talen. It is lykwols net slagge om sokke foarstellen mei súkses te bewizen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.