Springe nei ynhâld

Stromness

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 mrt 2016 om 19.31 troch Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stromness
Bestjoer
Lân Skotlân
Riedskrite Orkneyeilannen
lieutenancy Orkneyeilannen
Sifers
Ynwennertal sa'n 2200 (2010)
Oar
Tiidsône UTC

Stromness is in plak (town en parish) op de súdwestkant fan Mainland fan de Orkney-eilannen (Skotlân). It plak hat in natuerlike haven.

Stromness waard yn de 16e iuw foar it earst neamd as in plak dêr't in inn wie en waard 1670 in wichtige haven foar de skippen fan de Hudson's Bay Company op wei nei en weromkommend fan Kanada en foar walfiskfarders. Ingelân wie doe yn oarloch mei Frankryk en de skipfeart waard doe twongen om It Kanaal te mijen. In protte lju fan de Orkneys, ek út de omkriten fan Stromness, tsjinnen by beide ûndernimming as hannelers, ferkenners en sealju.

Neffens grutte is Stromness it twadde plak fan de arsjipel nei Kirkwall dat sa'n 14 km nei it easten leit. It doarp hat in fiskershaven en hat in fearboatferbining mei de eilannen Graemsay en Hoy en mei Scrabster op it fêstelân fan Skotlân.

De namme is nei alle wjerskyn ôflaat fan it Ald-noarske Straumsnes. Straum ('stream') tsjut op it sterke tij bylâns it Point of Ness troch de Hoy Sound besuden it plak. Nes betsjut 'foarút stykjend lân' as 'lânpunt'. Yn de tiid fan de Wytsingen hjitte it ankerplak dêr't no Stromness leit Hamnavoe, wat 'feilige haven' betsjut.

Stromness

Ferneamde lju út Stromness

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • George Mackay Brown, The Bard of Orkney, skriuwer en dichter
  • John Gow (om 1698–1725), in Stromness grutwurden en yn Londen terjochtstelde piraat

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]