Daam (wetterkearing)
In daam is in dwers troch in wetter lizzende ôfsluting, bedoeld om wetter te kearen of te behearskjen of ek foar wegenoanlis. Damen wurde boud troch minsken en troch bevers. De âldste by namme bekende daam is de Drususdaam, omtrint 12 f.Kr. oanlein troch de Romeinen.
De bekendste damen yn Nederlân binne ûnderdiel fan de Deltawurken. De Ofslútdyk is mei 30 kilometer de langste daam fan Nederlân. Soksoarte damen binne bedoeld om it wetternivo yn grutte binnenwetters te regeljen en it leeclizzende omlizzende lân te beskermjen. Belgje en Suriname hawwe, oars as Nederlân, inkele keardamen. In keardaam hat faak in wetterkrêftsintrale en hat dêrmei faak as grutste funksje it opwekken fan enerzjy.
Damen en plaknammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek Fryske plaknammen krigen harren namme oan soksoarte ôfsluting. It wie in plak dêr't it ferkear hinne laat waard, en op soksoarte plakken ûntstie bebouwing, bygelyks Burgumerdaam en Prikkedaam
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dams fan Wikimedia Commons. |