Springe nei ynhâld

Koerilen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 apr 2024 om 18.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Demografy: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Koerilen, mei yn read de (ferskowende) feitlike grins tusken Ruslân en Japan.

De Koerilen, ek wol stavere as Kûrilen en Kurilen (Japansk: クリル列島, Kuriru-rettō; Russysk: Курильские Острова, Kuriljskije Ostrova), binne in fulkanyske eilannegroep yn 'e foarm fan in keatling dy't him útstrekt oer in lingte fan likernôch 1.300 km, fan it Russyske skiereilân Kamtsjatka, yn it Fiere Easten fan Sibearje, oant it noardlike Japanske eilân Hokkaido. De arsjipel bestiet út 56 eilannen en withoefolle lytsere, boppe de weagen útstekkende rotsen, mei in mienskiplik oerflak fan 10.503,2 km². Mei-inoar foarmet de eilannekeatling de skieding tusken de noardlike Stille Oseaan yn it easten en de See fan Ochotsk yn it westen. Om it besit fan 'e Koerilen wurdt al seker oardel iuw tsierd troch Ruslân en Japan.

De oarspronklike bewenners fan 'e Koerilen binne de Ainû, en de eilannen binne feitliks nei dat folk neamd, mei't kur yn it pleatslike Ainû-dialekt "man" betsjut (wat dus de selsoantsjutting fan 'e eilânbewenners wie). Der binne frijwol gjin ferslaggen oer de eilannen dy't datearje fan foàr de santjinde iuw, dat it is net mear nei te gean wannear't de Ainû har op 'e Koerilen nei wenjen set hawwe.

De earste Japanners lykje de eilannen om 1640 hinne besocht te hawwen, en yn 'e achttjinde iuw waarden de Koerilen yn namme by it Japanske keizerryk foege. It Russyske Ryk begûn yn dyselde snuorje foar it earst belangstelling foar de eilannen te toanen, al gie it dêrby yn 't earstoan fral om 'e lukrative jacht op see-otters. Healwei de achttjinde iuw hiene Russyske pelsjagers op 'e measte eilannen delsettings stifte, wylst de súdlikste eilannen, fanôf Iturup, beset wiene troch troepen fan it Tokugawa-sjogûnaat.

De haaddelsetting op it eilân Shikotan, mei de Russyske flagge.

Nei ferskate diplomatike ynsidinten waard yn 1812 úteinset mei ûnderhannelings om in grins tusken de beide lannen fêst te stellen. Uteinlik late dat yn 1855 ta it Ferdrach fan Shimoda, wêrby't de Russysk-Japanske grins tusken de eilannen Iturup en Urup kaam te lizzen. Tweintich jier letter joech Japan by it Ferdrach fan Sint-Petersburch alle oanspraken op it grutte eilân Sachalin, yn 'e westlike See fan Ochotsk, op yn ruil foar de hiele Koerile-arsjipel. De grins kaam doe lyk foar de kust fan Kamtsjatka te lizzen.

De kust fan ien fan 'e Koerilen.

Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch ferovere de Sovjet-Uny yn 1945 de Koerilen. Sûnt dy tiid falt de hiele eilannegroep ûnder Russysk bewâld, en binne de Koerilen ûnderdiel fan 'e Russyske provinsje Sachalin. Japan hat lykwols wegere syn oanspraken op 'e fjouwer súdlike Koerilen (Kunashir, Iturup, Shikotan en Habomai, dy't yn Japan bekendsteane as de "Noardlike Territoaria") op te jaan, en hâldt dêrmei fêst oan 'e grins fan 1855. Om't Ruslân dy eilannen net weromjaan wol, sleept it Koerileskeel him noch altyd fuort, en binne Ruslân en Japan santich jier nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch offisjeel noch altyd mei-inoar yn oarloch.

Fan 'e 56 eilannen binne der mar njoggen bewenne. Yn 2013 hiene de Koerilen in ynwennertal fan goed 19.000 minsken. Mei't de Japanske bewenners oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch nei Hokkaido ta deportearre binne, bestiet de befolking tsjintwurdich fral út etnyske Russen. Oare befolkingsgroepen binne Oekraïners (dy't op Etorofu mear as 60% fan 'e befolking útmeitsje), Wytrussen, Tataren, Giljaken, Orochen en in lyts tal Ainû. Guon doarpen hawwe in permaninte militêre besetting; de Russyske garnizoenen binne net meiteld by it ynwennertal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.