Poalljocht
It poalljocht (aurora polaris), ek wol noarderljocht (aurora borealis), suderljocht (aurora australis), is in ferskynsel dat op hege geografyske breedte’s jûns en nachts sjoen wurde kin. As it poalljocht har sjen lit is in ljochte gloede of is it ljocht te sjen as boartsjende bôgen, bondels of gerdinen fan ljocht. Bytiden is it sels flamjend te sjen. Somtiden stiet oan de noardlike hoarizon in bôge wêrút de ljochtbondels as sykljochten omheech spatte.
Namme
It poalljocht wurdt op it noardlik healrûn út it noarden sjoen, en op it súdlik healrûn út it suden. Dêrom de nammen noarderljocht (noardlik healrûn) en suderljocht (súdlik healrûn).
De Latynske namme foar noarderljocht, aurora borealis, komt fan de Romeinske goadinne Aurora en de Grykske godin foar de noarderwyn, Boreas. De namme is betocht troch Pierre Gassendi yn 1621.
De súdlike tsjinhinger fan it noarderljocht is it suderljocht, ofwol de aurora australis, neamd nei it Australyske kontinint.
Untstean fan Poalljocht
It poalljocht hinget gear mei útbarstings op de sinne. By dizze útbarstings wurde grutte mannichten laden dieltsjes it hielal yn swaaid. Mei de sinnewyn komme se rjochting ierde. It ierdmagnetysk fjild soarget derfoar dat de dieltsjesstreamen yn de omkriten fan de ierde ôfbûgd wurde en yn de buert fan de noard- en súdpoal mei ferhege snelheid de atmosfear binnenkomme. De dieltsjes fan de sinne befetsje in protte enerzjy, dy’t yn de boppeste kilometers fan de atmosfear troch botsings oerdroegen wurdt op soerstof- en stikstofatomen. Dizze enerzjy komt úteinlik wer frij en wurdt op 80 oant 1.000 kilometer hichte útstriele yn de foarm fan it kleurige poalljocht. Dit alles waard pas yn 1957 ûntdutsen, mei it Ynternasjonaal Geofysysk Jier.
Om 1840 hinne ûntduts de Ingelske stjerrekundige en militêr Sir Edward Sabine dat der in ferbân bestie tusken de aktiviteit fan de sinneflekken en it magnetysk fjild fan de ierde. Sabine ûndersocht magnetyske streamingen, dy’t de nuddels fan kompassen yn de war makken. De wikselings yn it ierdmagnetisme trêde op tagelyk mei it noard- en it súderljocht.
Om dit barren fierder te ûndersykjen krige hy it Ingelske regear safier dat hja yn 1840 in netwurk fan mjitstasjons bouden. Nei it besjen fan in grut tal oan mjitgegevens ûntduts Sabine dat de magnetyske stoarmen in syklus hienen fan tsien oant alve jier.
De Dútser Samuel Heinrich Schwabe, apteker en stjerrekundige, hie sûnt 1826 deistich in oantal sinneflekken registrearre. Ek Schwabe hie sjoen dat der in syklus fan tsien oant alve jier wie. Sabine makke in fergelyk tusken de gegevens en kaam ta de beslút dat der ferbân wêze moast tusken sinneflekken en steurings yn it ierdmagnetisme.
Gefaar
In grutte útbarsting fan sinnewyn kin soargje foar gefaarlike situaasjes op ierde.
In foarbyld hjirfan út de resinte skiednis is dat fan 1 en 2 septimber 1859. De sinnewyn fan dy dagen wie sa bot dat de telegraafferbining tusken Amearika en Jeropa koartsluting krige wêrtroch't der op ferskate plakken brân útbruts. It noarderljocht wie doe sels te sjen op plakken as Rome, Havana en Hawaï. Dit fûn allegear plak troch ferskeidene aktiviteiten op de sinne dy’t tagelyk barden. Hjirtroch ûntstie der in grutte fersteuring fan it libben op ierde. Soks wurdt ek wol de Perfekte Stoarm neamd. Tusken 28 augustus en 2 septimber fan dat jier waarden der ferskate sinneflammen sjoen. Op 1 septimber riisde in grutte flam fan it sinne-oerflak op. Dizze flam gie foar in grut part rjochting de ierde. In gewoane wolk docht der goed trije dagen oer om de ierde te berikken, dizze wolk noch gjin 18 oeren.
Sêgen
Lang foardat de wittenskip mei it antwurd op it ûntstean fan it poalljocht kaam, wienen der meardere ferklearrings betocht foar it ferskynsel. Dizze ferklearings komme foar yn folkloare en mytologyen fan ferskate kultueren. It byld op libben en dea, it ferbân mei de geastewrâld en de striid tusken boppenatuerlike krêften yn de himel, binne dêrfan foarbylden. Yn de midsiuwen seagen in protte minsken yn Jeropa de readgloeiende poalljochten as in foarbea fan minne tiden en oarloch. Der binne ek noch oare betinksels. Sa wie der in Noar dy’t al yn 1250 tocht dat it iis op Grienlân safolle krêft makke dat it ljocht fan de aurora dêrmei oanstutsen wurde koe.
Oare minsken fan Skandinaavje fregen har ôf of it in wjerspegeling fan de see of fan in iezing hjerrings wêze koe.
Kree-yndianen leauden dat wa’t dea gong, yn in dûnsjende geast, de geast fan de aurora belannet. Sy hawwe de aurora altyd as hillich beskôge. Ek de sêgen fan oare folken as de Inuit en de Nij-Seelânske Maori’s steane grôtfol mei ferwizings nei de poalljochten, of it ‘brânen fan de himel’.
Waarnimmings
De kans om it poalljocht te sjen is it grutst in jierren mei grutte aktiviteit op it oerflak fan de sinne. Om de alve jier makket de sinne sa’n aktive perioade troch, sa’n jier wie der foar it lêst in 2000. De aktiviteit utert har yn in grut tal oan sinneflekken. As de sinneflek nei de ierde rjochte is, kinne de laden dieltsjes dy’t by de útbarsting frijkomme de ierdske atmosfear berikke en poalljocht feroarsaakje.
Radio-útstjoerders op de koartegolf wurde inkele oeren foar in ‘oanfal’ bot fersteurd.
Yn Nederlân wurdt elts jier op trochstrings sân dagen poalljocht sjoen. It meast yn it jier wêryn in protte sinne-aktiviteit is.
Omdat it ferskynsel yn noardlike rjochting sjoen wurdt, wurdt it ek wol noarderljocht neamd (aurora borealis). Op súdlik healrûn is it poalljocht yn súdlike rjochting en wurdt sprutsen fan it suderljocht (aurora australis).
Oare planeten
Ek op oare planeten komt it poalljocht foar.
De poalen fan Jupiter en Saturnus binne in stik krêftiger as dy fan de Ierde. Alle twa hawwe se grutte magnetyske fjilden. Op beide planeten hat de Hubble Romteteleskoop foto’s makke fan poalljocht. Ek op Uranus, Neptunus en op Fenus is poalljocht waarnomd. Troch de Mars Ekspres waard op 14 augustus 2004 ek op Mars poalljocht sjoen.
Op Jupiter komt ek poalljocht foar, dy’t komt fan syn moannen, Io, Europa en Ganymedes.