Neptunus (planeet)

Ut Wikipedy
Neptunus, makke troch Voyager 2 (echte kleuren)

Neptunus (symboal: ♆) is fan de sinne ôf sjoen de achtste planeet fan ús sinnestelsel. Neptunus is it fierst fan de sinne ôf fan de acht hjoeddeiske planeten. De planeet is ferneamd nei de Romeinske god fan de see.

Untdekking fan Neptunus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste waarnimmings fan Neptunus waarden yn desimber 1612 en jannewaris 1613 dien troch Galileo Galilei, doe't de planeet flak neist Jupiter ferskynde. Mar omdat hy derfan útgie dat it in stjer betrof, stiet de ûntdekking net op syn namme. Yn 1821 publisearre Alexis Bouvard tabellen fan de baan fan Uranus, wêrby't hy ôfwikings (steuringen of perturbaasjes) opmerkte dy't allinnich troch in oare planeet feroarsake wurde koenen. Yn 1843 berekkenen John Couch Adams en Urbain Le Verrier ônôfhinklik fan elkoar de baan dy't dizze hypotetyske planeet beskriuwe soe, mar dizze waard troch George Airy as ûnmooglik ôfdien. Yn de simmer fan 1846 begûn James Challis skytskoarjend in nije syktocht nei de ûnbekende planeet. It wienen lykwols Johann Galle en Heinrich d'Arrest dy't de planeet op 23 septimber 1846 foar it earst seagen, mar 1° fan it plak ôf dêr't Adams en Le Verrier har foarsein hiene. Letter realisearre Challis him dat hy yn augustus de planeet al twa kear waarnomd hienen, sûnder har te werkennen as de nije planeet. Op 12 july 2011 sil Neptunus in folsleine omrin om de sinne makke hawwe sûnt de ûntdekking fan de planeet yn 1846.

Gearstallling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opbou fan de iisreus Neptunus fertoant in soad oerienkomsten mei dy fan Uranus. De kearn bestiet út (raand) metaal en rots en dêromhinne sit in mantel fan stiente, wetter, ammoniak en metaan. Nei bûten ta wurdt de mantel hieltiten floeiberder en giet úteinlik stadichoan oer yn de atmosfear.

Atmosfear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op gruttere hichten bestiet de atmosfear fan Neptunus hast hielendal út wetterstof en helium. Leger wurdt der ek metaan, ammoniak en wetter oantroffen. De relatyf hege konsintraasje metaan yn de legere atmosfear feroarsaket de foar Neptunus karakteristike blauwe kleur. Oars as de atmosfear fan Uranus, komme der op Neptunus wol grutte wolkeformaasjs foar. Oant 1994 kaam der in grutte donkere flek foar dy't fergelykber is mei de Grutte Reade Flek op Jupiter, mar letter is dy ferdwûn en ferskynde der in nijenien. Mei help fan de Hubble romteteleskoop binne yn de atmosfear fan Neptunus de heechste wynsnelheden fan it sinnestelsel mjitten dy't om de evener oprinne kinne nei 2000 km/o. Dizze stoarmen wurde grif feroarsake troch de waarmteútstrieling fan de planeet.

Moannen en ringen om Neptunus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa foto's fan Voyager 2 mei ringen fan Neptunus

De langst bekende moanne fan Neptunus is Triton, wêrfan it bestean al in moanne nei de ûntdekking fan de planeet (1846) befêstige waard. Pas yn 1949 waard troch Gerard Kuiper de twadde moanne Nereïde ûntdekt. Meiïnoar bibnne der yn 2004 13 moannen om Neptunus bekend.

Natuerlike satelliten fan Neptunus
Naam Middelline (km) Massa (1016 kg) Striel fan de baan (km) Omrintiid* (d)
Neptunus III Naiad 58 ~19 48.227 0,294396
Neptunus IV Thalassa 80 ~37 50.075 0,311484
Neptunus V Despina 148 ~210 52.526 0,334656
Neptunus VI Galatea 158 ~370 61.953 0,428744
Neptunus VII Larissa 193 (208 × 178) ~490 73.548 0,554653
Neptunus VIII Proteus 418 (436 × 416 × 402) ~5000 117.647 1,122315
Neptunus I Triton 2707 2,140.000 354.800 –5,876579
Neptunus II Nereïde 340 ~3100 5.513.400 360,135    
Neptunus IX Halimede 60 ~9 15.728.000 –1879,71     
Neptunus XI Sao 38 ~9 22.422.000 2914,07     
Neptunus XII Laomedeia 38 ~9 23.571.000 3167,85     
Neptunus X Psamate 28 ~1.5 46.695.000 –9115,91     
Neptunus XIII Neso 60 ~9 48.387.000 –9373,99     

* Neptunus roteart, fan syn noardpoal ôf sjoen, tsjin de wizers fan de klok yn. Ek de measte moannen bewege "linksom". In negative omrintiid jout in rotaasje oan dy't hjiroan tsjinsteld is ("rjochtsom").

De earste fermoedens fan (ûnfolsleine) ringen om Neptunus ûntstienen healwei de jierren 80. Dizze fermoedens waarden yn 1989 troch waarnimmings fan de foarby fleanende romtesonde Voyager 2 befêstige. De bûtenste Adams ring bestiet út fjouwer ôfsûnderlike bôgen dy't de nammen Liberty, Equality, Fraternity en Courage drage. Under ynfloed fan de moanne Galatea groeie dizze bôgen net út ta folsleine ringen. Mei de Voyager binne ek tichter by de planeet noch inkele ringen ûntdekt. Al dizze ringen binne tige smel en grif ûntstien nei it ynslaan fan meteoriten op de moannen. Der is yn 2004 in fiiftal ringen bekend dy't har befine op ôfstannen tusken 41.900 en 62.900 km fan it sintrum fan de planeet. Nije waarnimmings fan de ierde ôf yn 2005 wize derop dat de ringen fan Neptunus folle minder stabyl binne as't earder tocht waard. De Liberté ring ferdwynt mooglik binnen in iuw. [1]

Namme fan de ring Striel (km) Breedte (km) Oantekening
1989 N3R ('Galle') 41,900 15 Ferneamd nei Johann Galle
1989 N2R ('Leverrier') 53,200 15 Ferneamd nei Urbain Le Verrier
1989 N4R ('Lassell') 55,400 6 Ferneamd nei William Lassell
Arago Ring 57,600 - Ferneamd nei François Arago
Liberté Ring bôge 62,900 - "Liedende" bôge
Égalité Ring bôge 62,900 - "Ekwidistante" bôge
Fraternité Ring bôge 62,900 - "Volgende" bôge
Courage Ring bôge 62,900 -
1989 N1R ('Adams') 62,930 <50 Ferneamd nei John Couch Adams

Guon planetoïden hawwe deselde namme as de moannen fan Neptunus: 74 Galatea, 1162 Larissa. Triton hie gjin offisjele namme oant de 20e iuw. De namme wie yn 1880 foarsteld troch Camille Flammarion, mar waard net algemien brûkt oant de lette jierren 1930. Triton stie bekend as "de satellyt fan Neptunus", de twadde satellyt waard ommers pas yn 1949 ûntdekt.

Ferkenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Voyager 2

Oant 2011 hat mar ien romtesonde yn de buert fan Neptunus west. De yn 1977 lansearre Voyager 2 passearde de planeet yn augustus 1989. By dizze missy hat de sonde foto's fan de planeet en de ringen nei de Ierde ta stjoerd en hat dêrnei it sinnestelsel ferlitten.

Waarnimmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neptunus is net mei it bleate each te sjen, troch syn grutte ôfstân fan de sinne is hy net helder genôch. Mei in fierrekiker en in sykkaartsje is Neptunus wol te finen, mar is net botte spektakulêr as "stjerke" fan de 8ste grutte. Om him as blau skiifke sjen te kinnen is in frij grutte teleskoop fereaske. Mei in teleskoop is de planeet oant 2012 yn it stjerrebyld Stienbok (Capricornus) sichtber as in blaugriene skiif dy't in soad liket op Uranus.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Neptunus ringen ferdwine (26 maart 2005). New Scientist.