Springe nei ynhâld

De Volkskrant

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 feb 2024 om 00.02 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (alfabetisearje op 'e V fan Volkskrant)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Volkskrant
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre krante
frekwinsje 1x deis
bestean 2 oktober 1919
plak haadred. Amsterdam
útjouwer DPG Media
oplaach 210.685 (2017)[1]
offisjele webside
https://www.volkskrant.nl/

De Volkskrant is in Nederlânsk deiblêd, dat eigendom is fan it mediabedriuw DPG Media út Flaanderen.

De krante is fan oarsprong roomsk-katolyk en rjochtet him sûnt de jierren 1960 op de heger oplate lêzers. It deiblêd pleatste himsels oant de jierren 1990 lofts fan it politike spektrum. Letter soe de krante mear nei rjochts opskood wêze, neffens eardere haadredakteur Philippe Remarque.[2] De krante wurdt njonken NRC en Trouw sjoen as in Nederlânske kwaliteitskrante.[3] Mei troch de opkomst fan ynternet en in weromrinnende oplaach waard it deiblêd oanpast dy 't past by de belangstelling fan heger oplatenen.[4] Der kaam mear oantinken foar keunst en 'lifestyle' en de opmaak fan de krante waard mear rjochte op it oanlûken fan jonge lêzers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Oplagesifers fan it NOM
  2. Hoofdredacteur Philippe Remarque in discussie met Frits Bolkestein over de koers van de Volkskrant, 21 juny 2023
  3. p. 19 P. Bakker en O. Scholten, Communicatiekaart van Nederland: overzicht van media en communicatie
  4. Digitale oplage kranten blijft fors stijgen, P. Bakker, 18 april 2018
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory de Volkskrant fan Wikimedia Commons.